Fryslân DOK fan 20 oktober 2013 18:10

IT SEADDEHÛS… de rekonstruksje

Hoe seagen yn de betide midsieuwen de hûzen yn it terpegebiet fan Fryslân derút? Hoe wennen de minsken doe? It is de fassinaasje fan argeolooch Daniel Postma.
As studint ferdjippe er him yn de bou fan saneamde seaddehûzen, terpewenten mei muorren en dakken fan klaai en gers. It brocht him oant djip yn de oerlânskippen fan Yslân en Skotlân dêr’t noch in soad oerbliuwsels fan sokke hûzen te finen binne. Omrop Fryslân folge Postma op syn syktocht nei ynformaasje oer de oerwenten dêr’t de pleatslike elite yn de midsieuwen yn libbe. Sa is te sjen hoe’t Postma weardefolle oerbliuwsels fan âlde dak-konstruksjes op de Skotse Hybriden fynt. En op Yslân leart er it bouwen mei seadden want dêr binne se noch hyltyd te finen, dy seadehûzen. Tagelyk is yn de twadielige dokumintêre fan programmamakker Piter Tjeerdsma te sjen hoe’t yn Furdgum stapke foar stapke de rekonstruksje fan in seaddehûs by Furdgum foarm kriget.

Unmooglike missy
It idee om by Furdgum in echt seaddehûs nei te bouwen ûntstiet at tidens opgravings by de terp fan Furdgum spoaren fan seaddehûzen fûn wurde. It plan wurdt ûnderbrocht as ôfstudearprojekt foar Daniël Postma oan de universiteit fan Grins. Oerheden en bedriuwen springe by om de begrutting rûn te krijen en frijwilligers wurde útnoege om yn gearwurking mei it pleatslike Yeb Hettinga Museum it saeddehûs letterlik fan de grûn te krijen. In hast ûnmooglike missy om't der net in soad bekend is oer dy seaddehûzen.

Diel 2
Yn diel 2 reizget Postma nei Skotlân. Hjir binne bynammen âlde dakkonstrukjes bewarre bleaun. Arsjitekt Bruce Walker is spesjalist op dit gebiet. Om't der yn it Fryske terpegebiet yn de betide midsieuwen amper hout beskikber wie waarden soms hiele tuke konstruksjes betocht fan stikjes walfiskbonke, oanspield wrakhout en oar materiaal. Op de Hybriden ûndersiket Daniël Postma ek noch de dakken fan in âlde mûne en in oarspronklik seaddehûs dat no in museum is. Undertusken wrotte de frijwilligers yn waar en wyn troch om de earste rekonstruksje fan in seaddehûs op it Europeeske fêstelân foar de winter ûnder dak te krijen. Dat slagget net, mar ôfrûne simmer wie it gebou klear en nei de feestlike iepening troch deputearre Jannewietske de Vries iepen foar publyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)