Fryslân DOK fan 20 novimber 2012

Kleaster Klaarkamp diel 2

Fryslân DOK komt mei in trije-dielige rige oer kleaster Klaarkamp by Rinsumageast. Fan 1165 oant de reformaasje yn 1580 hat it Sistersiënzer kleaster Klaarkamp in wichtige rol spile yn de ûntjouwing fan de Noardeasthoeke fan Fryslân. Bernard fan Clairvaux stichte it kleaster yn de tolfde ieu. Histoarikus Hans Mol fan de Fryske Akademy nimt de sjogger mei werom nei de tiid fan de kleasters en de muontsen.

De kleasterlingen fan Klaarkamp sieten op de kwelder, makken lân oan, bouden diken en ferbetteren de wetterhúshâlding. Sy waarden de 'skiere' muontsen neamd fanwegen harren grize pij. It eilân Skiermûntseach waard nei harren neamd.

Letter bebuorke de famylje Prins it lân fan Klaarkamp. Yn 1932 stjitte de boer by it lânwurk op in skat dy’t bestie út sulveren en gouden munten. Hy joech alles oan lânhear De Beaufort, mar achterôf hie de famylje dêr spyt fan, want sy hienen rjocht hân op de helte fan de skat. De gouden munten waarden troch de famylje De Beaufort nei Ingelân ta ferkocht en in part fan de sulveren munten is no noch te sjen yn it Admiraliteitshûs yn Dokkum. Prins hat no foar it earst, foar de opnamen fan dizze dokumintêre, de munten wer sels yn hannen hân.

Fan Klaarkamp binne gjin gebouwen oerbleaun, mar fan it Sistersiënzer kleaster Bernardushof yn Aduard (Grinslân) wol. Yn de sikeseal fan it kleaster, dy't no tsjinnet as tsjerke, is noch in estrikken flier út 1100 te finen.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 24 novimber om 10:25 oere en op snein 25 novimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)