Fryslân DOK fan 20 desimber 2015 17:00

Dokumintêre Jokelyn Tienstra by Omrop Fryslân

De eardere Fryske keatster en hânbalster Jokelyn Tienstra is tiisdei 8 desimber yn har Dútske wenplak Xanten ferstoarn oan de gefolgen fan in harsentumor. Yn ferbân mei har ferstjerren werhellet Omrop Fryslân har dokumintêre ‘Oer de grins’. Dêrmei komt de werhelling fan ‘De pracht van de macht’ en ‘Dûnsje mei de tiid’ te ferfallen.

Jokelyn Tienstra wy ien fan de bêste keatsters en hânbalkeepsters ea fan ús lân. Sy libbe en wurke jierrenlang mei in harsentumor. Fryslân DOK kaam yn 2013, yn gearwurking mei de Hersenstichting, mei in twalûk oer hânbalster en keatster Jokelyn Tienstra. Dit twalûk wurdt no werhelle op Omrop Fryslân Televyzje en op NPO 2.

Oer de grins
It barde allegear op 29 july 2008 op de sneldyk rjochting it Dútske Emmerich. In tûke frachtweinsjauffeur hannelet tige fluch as er in persoanewein njonken him opmerkt. Ut syn kabine wei sjocht er in jonge frou mei har holle op it stjoer lizzen, wylst it gaspedaal flink yntrape wurdt. Hy rûkt ûnrie. Mei syn enoarme gefaarte giet de trucker skean efter de auto riden en blokkearret sa it oare ferkear. Hy lit de stjoerleaze auto útride, dy’t stadichoan ta stilstân komt. Net folle letter wurdt de dûzelige Jokelyn Tienstra út dat foertúch tild. Yn Fryslân DOK in wiidweidich ynterview mei dizze bysûndere frou.

Fryslân DOK: Oer de grins – diel 1 en 2
Snein 20 desimber is om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf Oer de grins – diel 1 en 2
ôfwikseljend te sjen op Omrop Fryslân Televyzje. Op sneon 19 desimber is Oer de grins – diel 1 ek te sjen om 15.35 oere op NPO 2. Sneon 26 desimber om 15.35 oere en snein 27 desimber om 12.25 oere is Oer de grins – diel 2 te sjen op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)