Fryslân DOK fan 2 oktober 2012

Tjeerd Bottema

It begûn allegear mei it foarlêzen fan in ferhaaltsje, de syktocht fan TV West-presintatrise Tialda Bottema nei Tjeerd Bottema. Dizze wike komt Omrop Fryslân mei in dokumintêre oer de Fries Tjeerd Bottema, in bekende skilder en yllustrator. Bottema is by it grutte publyk ek wol bekend fan it logo dat er makke foar de fersekeringsmaatskippij RVS. Hy yllustrearre in soad skoalboeken en wûn yn 1907 de Prix de Rome (in belangrike keunstpriis). Op 94-jierrige leeftiid ferstoar er yn Katwijk, yn it Katwijks Museum is syn wurk noch altyd te bewûnderjen yn de ‘Bottemaseal’.

Tialda (sels ek fan Fryske komôf) giet op syk nei antwurden op fragen lykas: hoe sit de famylje krekt yn elkoar? Wat foar wurk makke Tjeerd? Wat witte de minsken no noch fan him? In persoanlike syktocht nei de man dy’t wy eins allegear kenne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)