Fryslân DOK fan 2 novimber 2014 17:00

  • It gebou fan de eardere Terp wurdt op dit stuit ferboud foar studintehúsfesting

De Terp

De fyftich bewenners fan opfang De Terp yn Ljouwert ferhúzje nei in nagelnij ûnderkommen. It binne ferslaafden mei psychiatryske problemen, net mear sa jong, mei foarhinne in swalkjend bestean. Yn de soarchopfang fan Zienn meie bewenners drugs brûke, mar se moatte harren wol oan de regels fan it hûs hâlde. Fertriet en humor lizze hjir ticht by inoar. Fryslân DOK folget de bewenners en harren ferhuzing yn in twadielige dokumintêre.

Diel 2
De Yndyske lietsjesjonger Freddy is ûnferwachts ferstoarn. De oare bewenners nimme yn de ytseal weardich ôfskied fan him. Dolf hat it der swier mei, want Freddy wie in maat fan him. Yntusken moat elkenien ynpakke foar de ferhuzing nei de nije lokaasje. Foar guon is dat in feestje, oaren fine it dreech. De nije keamers falle goed yn ‘e smaak, mar de âlde problemen nimme se mei.

Fryslân DOK: De Terp

Diel 2: Snein 2 novimber om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 1 novimber om 10:30 oere en snein 2 novimber om 15:30 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)