Fryslân DOK fan 2 maart 2014 17:00

De Smearlappen

Yn 1963 ferskynde by útjouwerij Laverman yn Drachten in boekje fan de Fryske skriuwer Anne Wadman. Hy hie it yn fiif dagen op It Amelân skreaun. Freark Dam, de doetiidske baas fan de útjouwerij fûn it aardich en joech it út. ‘De Smearlappen’ sloech yn as in bom. Binnen in pear moannen wienen sy ta oan de fjirde en fiifde printinge. Fyftich jier letter komt it boek wer ta libben yn Fryslân DOK.
‘De Smearlappen’ giet oer in boeredochter dy't somtiden wat ûnnoazel docht, mar it net is. Sy wennet allinne mei har heit, in gelearde boer dy’t hielendal opgiet yn syn genealogyske hobbys. As de boeredochter ferdivedaasje siket by fjouwer baggerlju dy't mei harren arkje foar de doar lizze, hat sy it net mear yn ‘e hân en rekket se swanger. It makket miskien de baggermannen ta smearlappen, mar har heit is de echte smearlap. Dy nimt har wer mei nei hûs en wol it bern mar komme litte. Dan kin syn skaai bestean bliuwe. Dêr prutst hy mear mei om as mei syn kij.
It boekje joech opskuor, om't in Fryske skriuwer foar it earst iepenlik oer seks skreau. Fyftich jier neidat ‘De Smearlappen’ útkaam, is it yn syn gehiel foarlêzen yn De Gaastmar troch ferskate minsken dy't Wadman en it boekje al koenen. En dêr hat Omrop Fryslân yn ien middei De Smearlappen’ wer ta libben brocht.

Ek te sjen op sneon 1 maart om 10:25 oere en snein 2 maart om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)