Fryslân DOK fan 2 july 2013

Fryslân Adda, Fryslân helpt

Yn 1945 waard in bataljon fan 850 Fryske militêren útstjoerd nei it eardere Nederlânsk-Ynje. Dit ‘Fries Bataljon’ wie gearstald út leden fan it eardere Fryske ferset en waard suver direkt ynsetten foar de oarloch yn Nederlânsk-Ynje. Fryslân DOK komt mei in dokumintêre oer it ‘Fries Bataljon’.Yn totaal binne 30 leden fan it bataljon omkommen yn de striid yn Ynje. Ta de neitins oan dy sneuvele minsken, leit der in plakette by it monumint fan it Regiment Johan Willem Friso op de Johannes Postkazerne yn Havelte. Fryslân DOK dûkt mei in tal leden fan it bataljon yn it ferline. Wat hat harren doedestiids beweegd hat om nei Ynje te gean? Harren ûnderfinings wurde beljochte yn de dokumintêre ‘Fryslân Adda’ (Fryslân helpt).

Nochris te sjen op sneon 6 july om 10:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)