Fryslân DOK fan 2 april 2013

Stiel en polyester op ‘e haven fan Laaksum

Yn de lytse haven fan Laaksum dobberje twa skippen op de golven fan de Iselmar: in fiskersskou en in rekreaasjesylboat. Dokumintêremakker Anja Veenendaal fan Omrop Fryslân sjocht dêr in metafoar yn. Sy makke in prachtige dokumintêre oer dat lytse plakje dat tusken Starum en De Lemmer yn leit.
Laaksum wurdt troch hieltyd mear toeristen ûntdutsen fanwege de ûntspanning en de natuer mei wiidske útsichten op it wetter. Mar it plak is benammen bekend wurden troch de fiskerij. De dokumintêre giet oer de ûnûntkombere oergongssituaasje wêryn’t it buorskip Laaksum him op dit stuit befynt: de lytsskalige fiskerij, dy’t op twa fiskers nei hielendal ferdwûn is, en de komst fan nije ynwenners dy’t de eardere fiskershúskes ferbouwe nei de moderne easken fan dizze tiid. De twa skippen dy’t Veenendaal dobberjen seach, byldzje yn ien eachopslach it ferline, it no en de takomst fan it plak út.

De eigener fan de stielen skou is beropsfisker Jan de Vries (66), hikke en tein yn Laaksum. De polyester sylboat is yn it besit fan de nije ynwenner Ruud Guys (67). Beide binne sy ferknotte oan it idyllyske plakje, mar belibje it wenjen oan de haven elk op hiel eigen wize. Jan de Vries komt út in fiskersfamylje en wennet al syn hiele libben yn Laaksum. Hy en syn broer Jopie binne dêr sûnt de jierren ’70 de lêste fiskers. Ruud Guys is in pensjonearre sakeman fan Hilversum. Hy kocht yn de jierren ’80 in âld fiskershúske yn Laaksum as fakânsjehúske, om dêr mei syn sylboat farre te kinnen. Sûnt er mei pensjoen is, hat er it húske ferboud en wennet er dêr permanint mei syn frou. Beide mannen hâlde harren mei de skiednis fan it buorskip dwaande, mar wol elk op in hiel oare wize.

Yn de dokumintêre ‘Stiel en polyester yn ‘e haven fan Laaksum’ wurde de mannen portrettearre yn harren relaasje ta de lytste haven fan Nederlân. De ferskillen tusken de twa persoanlikheden binne grut. Mar sy fine beide dat Laaksum bliuwe moat sa’t it no is.

Tiisdei 2 april om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen op Nederlân 2 op Sneon 6 april om 10:30 oere en snein 7 april om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)