Fryslân DOK fan 19 maart 2017 17:00

Skier Exit

It enerzjybedriuw Engie makke op 15 febrewaris bekend syn fergunning foar proefboarringen nei gas foar de kust fan Skiermûntseach yn te leverjen. In histoarysk, unyk en wûnderlik beslút. Dêrmei kaam ûnferwachts in ein oan in striid fan goed trije jier, dy’t fierd waard troch eilanners ferienige yn de ‘Werkgroep Horizon Schiermonnikoog’.

Ferline jier kaam der stipe fan 17 natuer- en miljeuorganisaasjes en waard de ‘Brede Coalitie tegen Boren voor Schiermonnikoog’ foarme. De Waddenvereniging, Natuurmonumenten, Urgenda, Milieudefensie en de Werkgroep Horizon waarden de lûkers fan dy unike koälysje, dy’t mei-inoar 2,5 miljoen leafhawwers fan it Waad fertsjintwurdiget. De koälysje wie bang foar boaiemdelgong yn it kwetsbere Wrâlderfguod. En ûngelokken en gemyske fersmoarging soene katastrofale gefolgen hawwe foar it libben yn de Waadsee.

De Werkgroep Horizon Schiermonnikoog fierde fertroulike petearen mei Engie, ûnder de koadenamme ‘Schier Exit’. Yn Fryslân DOK in ferslach fan hoe’t in lyts eilân in grutte Frânske multinasjonal op oare gedachten brocht.

Fryslân DOK: Skier Exit
Snein 19 maart om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)