Fryslân DOK fan 19 maart 2013

Oer Libjen

Trije froulju, trije libbens en ien sykte. Boarstkanker, in sykte dy't in soad libbens yn syn greep hâldt. Yn Fryslân DOK it yntrigearjende ferhaal fan trije Fryske froulju dy‘t de striid oangean moasten mei dy ferskriklike sykte. Tettie Salverda, Nynke Jensma en Janny van der Wal fertelle iepenhertich oer de perioade mei boarstkanker en it libben nei de behannelings.

Nynke Jensma wie krekt yn ferwachting doe’t sy op 29-jierrige leeftiid it berjocht krige dat sy in agressive foarm fan boarstkanker hie yn in fier stadium. It gefolch wie dat har siik boarst en okselklieren amputearre waarden en dat sy in gemokuer ûndergean moast. Ien ding hold sy yn gedachten: “dy sykte kriget my der net ûnder!”. Eangst, fertriet en ûnwissens hawwe de boppetoan by it weromtinken oan har perioade mei boarstkanker. De kanker hat west, mar it is der noch alle dagen yn har libben.

By Tettie Salverda (69) waard yn 2002 foar it earst boarstkanker konstatearre. Dat koe behannele wurde mei in boarstbesparjende operaasje en it nimmen fan medikaasje fiif jier lang. Sân jier letter krige sy foar de twadde kear it berjocht dat sy boarskanker hie, dit kear yn in earnstige foarm. Sy begûn te twiveljen oft sy wol wer de behannelings ûndergean woe. Uteinlik hat har beppesizzer har oerhelle om dochs de behannelings wer yn te gean. De start fan in perioade mei pine en ôfhinklik wêzen fan de minsken om har hinne.

Gûlend stie sy foar de spegel mei de fraach: help, bin ik dit?! De 54-jierrige Janny van der Wal krige fiif jier lyn te hearren dat sy twasidige boarstkanker hie. In sykte dêr’t sy harsels nea siik fan field hat, mar de gemo’s, bestrieling en hormoanpillen joegen har wol dat gefoel. Alle dagen moat sy der wer oan tinke: “o ja, ik bin in kankerpasjint en nei fiif jier dus noch hieltyd”. Sy is net mear de Janny dy‘t sy altyd west hat.

De dokumintêre is makke troch Metafoor Media yn opdracht fan Stichting Bewegen voor Overleven. Dy Fryske stifting hat as doel oandacht te freegjen foar boarstkanker. De film Oer Libjen wurdt ek útbrocht op DVD en oanbean oan de Nederlânske filmhuzen. Dêrneist fynt fersprieding plak ûnder sikehuzen, mammapolys, bedriuwsdokters, ynrin- en revalidaasjesintra en lotgenoatgroepen.

Tiisdei 19 maart om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 23 maart om 10:30 oere en snein 24 maart om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)