Fryslân DOK fan 19 july 2015 17:00

Sân Stêden
(Werh.) Sjoernalisten fan de Ljouwerter Krante en Omrop Fryslân reizgje yn de hjerst fan 2014 mienskiplik ôf nei de Europeeske Kulturele Haadstêden oant 2018. Nei alle stêden reizge ek in ‘Young Professional’ mei dy’t past by it kulturele tema fan de stêd. Yn totaal binne fjirtjin ferslachjouwers en sân Young Professionals nei de stêden ta gongen.

Halbe Pieter Claus, fotograaf Jacob Haagsma en regiseusse Mirjam de With wurde folge yn Aarhus, Denemarken. Aarhus is yn 2017 Kulturele Haadstêd, in havenstêd oan de noardeast kant fan Denemarken. It is de op ien nei grutste stêd fan it lân mei sa'n 243.000 ynwenners. Aarhus is in knooppunt fan spoarwegen út alle parten fan it lân.

Sjoch mear oer it mienskiplik projekt op de webside fan 7stêden

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)