Fryslân DOK fan 19 febrewaris 2017 17:00

Doe't de tocht dy’t nea trochgong... trochgong

De measten hiene yn 1985 de hoop op ea noch in Alvestêdetocht al opjûn. It wie teiwaar en foar de safolste kear sûnt 1963 gong it feest krekt net troch. Mar ynienen begûn it wer te friezen en koe it dochs noch heve! Omrop Fryslân sjocht yn in twalûk werom op dy bjusterbaarlike dei, ein febrewaris, dy't foar in soad minsken noch altyd jildt as de moaiste Alvestêdetocht ea.

De spanning wie te snijen doe't yn 1985 it histoaryske beslút foel om de Tocht der Tochten foar it earst yn 22 jier trochgean te litten. Want soe dat wol goed komme? Hoefolle minsken soene der op ôfkomme en soe Fryslân dat wol oankinne? Guon foarseine rampen en deaden mar oaren ferwachten in grut folksfeest. It waard it lêste, mar it wie hjir en dêr op it rântsje. Doe't it tsjuster waard en grutte plassen wetter op it iis kamen, drigen der grutte problemen, benammen tusken Dokkum en Bartlehiem.

Mart Smeets makke dêr de moaiste telefyzje fan syn hiele karriêre, sa fertelt er yn dizze dokumintêre fan Piter Tjeerdsma, dy't sels yn 1985 as radioferslachjouwer fan Omrop Fryslân it ferslach by Bartlehiem die. Mar ek by de start gong it hast mis, sa liet foarsitter Kroes him yn de dokumintêre ûntfalle. Op de Zwette stiene safolle minsken dat it iis it amper hâlde koe. Hy woe se der ôf ha, mar net ien lústere.

Fryslân DOK: Doe't de tocht dy’t nea trochgong... trochgong

Diel 1: snein 19 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

Diel 2: snein 26 febrewaris om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)