Fryslân DOK fan 19 febrewaris 2013

Utblaasd! 40 jier Blauhúster Dakkapel

Fjirtich jier nei de oprjochting is de mem fan alle dweilorkesten der mei opholden. De Blauhúster Dakkapel, sfearmakker by reedrydwedstriden en oare eveneminten, spile oer de hiele wrâld; fan Japan oant Kanada. Sy wienen sels haadact op it frijgesellefeest fan Prins Willem-Alexander en Máxima. Fryslân DOK folge de freoneploech yn it ôfskiedsjier en makke in portret.

It begjin fan de Dakkapel leit op Thialf. Begjin jierren ’70 troffen twa groepkes blaasmuzikanten elkoar op de tribune. Sy koenen elkoar fan it Fryske korpslibben en hiene stikem in trompet ûnder de jas meinommen. Sy spilen karnavalshits en ferskes út de hitparade. It iisstadion stie op ‘e kop. Letter yn de kroech betochten de muzikanten it plan om in wrâldrekôr dakblazen te festigjen. En sa spilen seis jonge blaasmuzikanten op 24 juny 1972 195 minuten lang de longen út harren liif fan it dak ôf fan it âldereintehûs ‘Teatskehûs’ yn Blauhús. Dêr wenne ien fan de leden fan de groep. De dei dêrnei kopte de Ljouwerter Krante: “Dak-kapel Blauwhuis vestigt wereldrecord” en dêrmei wie de namme festige.

Fan dat momint ôf waard de kapel wrâldferneamd yn Nederlân en in soad frege by grutte eveneminten. De krêft fan de ‘Blauhúster’ is dat sy oeral en altyd fuortdaliks spylje kinne sûnder technyske foarsjennings. Sy kinne op it plak sels ynspylje op de sfear, sadat it hast altyd drekt feest wurdt. Dat komt ek troch de bysûndere klank en it lûde folume fan de kapel. In legindaryske útspraak is dan ek: “Wat jimme dogge is net blaze, mar flokke op ynstruminten”. Alle leden binne ûntsettend trainde en betûfte muzikanten dy’t wykliks mei-inoar repetearren en deistich thús. Sy hawwe ûngefear 600 nûmers paraat. Eufoaniumspiler en nestor fan de band Nico Silvius, bepaalt hokker nûmer spile wurdt. Dat stiet net op in list en wurdt ek net oankundige. Silvius set gewoan yn en nei trije toanen falt de rest automatysk by. It ienige dat fêststiet binne it iepenings- en slotnûmer: de Triomfmars en it Frysk folksliet. Dêrtusken stiet fierders neat fêst, útsein dat it altyd feest wurdt – waard – mei de Blauhúster Dakkapel.

Tiisdei 19 febrewaris om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 23 febrewaris om 10:25 oere op snein 24 febrewaris om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)