Fryslân DOK fan 19 april 2015 17:00

Fryslân DOK: Fryslân 4045
Wat de oarloch mei ús die diel 2

Nei oanlieding fan 70 jier befrijing is Fryslân DOK ôfrûne snein begongen mei de histoaryske dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’. Yn fiif dielen wurdt in yngeand byld sketst fan de oarlochsjierren yn Fryslân. Yn dizze twadde ôflevering stiet de loftoarloch sintraal. In soad piloaten dy’t in crash oerlibben waarden op in ‘piloatenline’ set; in smokkelrûte nei Inglân. Fryslân DOK rekonstruearret de organisaasje fan dy piloatesmokkel en hoe’t de measten úteinlik yn it Belgiske Wuustwezel yn de fal fan de Dútsers rûnen.

Stanley Stanckewicz fertelt yn dizze twadde ôflevering hoe’t hy de oarlochstiid belibbe hat. Hy wie piloat op in Amerikaanse bommesmiter yn 1943. Doe't Stanckewicz fan in missy boppe Berlyn weromkaam, stoarte hy del by Warten. ‘’Ik wie 23 jier en tocht dat myn libben foarby wie’’, fertelt Stanckewicz. Hy oerlibbe de crash en waard troch in fersetsgroep fan Tiny Mulder út Drachten yn feiligens brocht.

‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ is in projekt fan Tresoar, tv-produsint Wij van PS, it Fries Film Archief en Omrop Fryslân. Oan de tv-searje is de webside www.Fryslan4045.nl keppele, mei alderhande achtergrûnynformaasje oer de tema’s dy’t yn de dokumintêres sintraal steane. Foargeande ôfleverings út de dokumintêresearje ‘Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die’ binne werom te sjen fia www.omropfryslan.nl/fryslan4045.

Fryslân DOK: Fryslân 4045 | Wat de oarloch mei ús die (2)
Snein 19 april om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 18 april om 15.35 oere en snein 19 april om 12.20 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)