Fryslân DOK fan 18 oktober 2015 17:00

Molkdilemma yn Afrika

Yn dizze Fryslân DOK bringt in folslein Frysk team in besite oan it Afrikaanske lân Uganda. It team, besteande út in boer, in foarljochter, in feedokter en in lânboukundige, docht in tal alarmearjende ûntdekkingen.

De ieuwenâlde ynlânske feerassen yn Uganda binne kruse mei Holstein-Friese kij om de molkproduksje te ferheegjen, mar de bisten hawwe minder wjerstân. Se binne ekstra gefoelich rekke foar earnstige feesykten lykas de faak deadlike East Coast Fever.

Om net grutte dielen fan harren feebeslach te ferliezen, bespuitsje de Ugandeeske boeren de kij út foarsoarch mei ynsektisiden dêr’t de gearstalling faak net bekend fan is. Dat soarget foar in ekologyske ramp yn de greidegebieten. Bijen, flinters en fûgels dy’t de ynsekten ite, ferdwine.

Siik fee kriget antibioatika, dat goedkeap en sûnder resept te krijen is. Mikro-organismen wurde der sadwaande ek hieltyd resistinter tsjin. Saakkundigen foarsizze om 2020 hinne miljoenen deaden yn Afrika en Azië ta gefolch. Ek rint de kwaliteit fan it iten tebek om’t yn de konsumpsjemolke resten fan antibioatika en ynsektisiden sitte.

‘Molkdilemma yn Afrika’ waard mei mooglik makke troch Omrop Fryslân, Dutch Farm Experience en Oxfam Novib. It ûndersyk fûn plak yn it ramt fan it E-Motive útwikselingsprogramma fan Dutch Farm Experience en Oxfam Novib.

Dutch Farm Experience wijt twa byienkomsten mei politisy en boeren oan dit ûnderwerp, wêrfan't de earste op tiisdei 29 septimber yn Den Haag op it Ministearje fan Ekonomyske Saken is. De twadde fynt plak op tongersdei 1 oktober yn Zwolle foar boeren út de trije Noardlike provinsjes. De dokumintêre wurdt op dizze byienkomsten fertoand.

Fryslân DOK: Molkdilemma yn Afrika
Snein 18 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 17 oktober om 15.35 oere en snein 18 oktober om 12.25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)