Fryslân DOK fan 18 maaie 2014 17:00

Geel & Blau sit yn myn bloed

Cambuur – Vitesse op 12 april 2014: in belangrike wedstriid foar Cambuur. By winst kinne de Ljouwerters ek takom seizoen wer op it heechste poadium fan it betelle fuotbal yn Nederlân spylje, de earedivyzje. Fryslân DOK folge ynterim-coach Henk de Jong fan Drachten en de fans Chris Paassen en Jan Hollander fan Ljouwert om de wedstriid Cambuur – Vitesse hinne. De klupkleuren geel en blau sitte harren yn it bloed.
Cambuur ferrast dit seizoen freon en fijân, want op foarhân waard de klup mei de leechste begrutting sjoen as ien fan de degradaasjekandidaten foar dit jier. De klup promovearre foarich seizoen troch op de lêste wedstriiddei fan de Jupiler League kampioen te wurden. It gefolch wie in spontaan folksfeest yn Ljouwert.
De belibbing yn it stadion falt yn hiel Nederlân op. Oant haadcoach Dwight Lodeweges bekend makket om it kommende seizoen oer te stappen nei rivaal SC Hearrenfean. Supporters fersteure de training en Lodeweges kiest derfoar om fuortendaliks op te stappen. Henk de Jong moat de put ôfmeitsje, want Cambuur is noch net feilich yn de earedivyzje. It sil in histoaryske wedstriid wurde tsjin de miljoeneploech fan Vitesse út Arnhem. Yn in wiere thriller wurdt it 4-3 foar de Ljouwerters. De ûntlading is grut by sawol de supporters as de kluplieding.
Nei de hanthavening op it heechste nivo is de seleksje foar takom jier de nije útdaging foar Cambuur-direkteur Gerald van den Belt. De hierlingen fan PSV, Ajax en Feyenoord ferlitte de klup en ek oare Cambuur-spilers steane yn de belangstelling. Op de eftergrûn spilet ek noch de winsk om in nij stadion te krijen. Mar wêr't dat komme moat is noch mar de fraach. Ien ding foar it kommende seizoen is al wol dúdlik: Henk de Jong wurdt de nije haadtrainer.

Ek te sjen op sneon 17 maaie om 10:30 oere en snein 18 maaie om 15:25 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)