Fryslân DOK fan 18 juny 2013

Leven vs. libjen. It pineholledossier fan de F-35

De Joint Strike fighter: al jierren is dat jachtfleantúch ûnderwerp fan diskusje. Fryslân DOK komt mei in dokumintêre oer dy JSF. Omrop Fryslân wol witte wat it effekt fan it tastel wêze sil op Fryslân en fansels op Marsum, it doarp dat it tichtst by de fleanbasis leit. Sjoernalist Hayo Bootsma en programmamakker Halbe Piter Claus fan Omrop Fryslân fleagen nei Amearika om antwurd te krijen op harren fragen. Binne de soargen fan omwenners fan de fleanbasis yn Ljouwert terjochte? Minister Hennis-Plasschaert fan Definsje stiet op it punt har fisy op de takomst fan de kriichsmacht bekend te meitsjen. In ûnderdiel dêrfan is de ferfanging fan de F-16. De wichtichste kandidaat is de F-35, better bekend as de Joint Strike Fighter. It tastel soe hiel goed wêze, mar it makket in protte leven en is ek djoer. In soad omwenners fan de Fleanbasis Ljouwert binne benaud foar de komst fan it jachtfleantúch. It soe fjouwer kear safolle leven meitsje as de F-16.

Bootsma en Claus giene op ûndersyk út. Hoefolle leven makket de F-35 no eins en wat binne de gefolgen foar de omwenners? Op syk nei antwurden reizgen sy troch de Feriene Steaten, ûnder oaren nei Vermont en Florida, om dêr mei saakkundigen en foar- en tsjinstanners fan it tastel te praten. Hoe’t giet it dêr mei de bases dêr’t de JSF’s no al fleane en wat binne de ûnderfinings yn Amearika? Yn Nederlân giene sy op besite by Fokker, dêr’t ûnderdielen makke wurde, en ynformearren dêr nei de wurkgelegenheid dy’t de F-35 ús bringt en noch bringe sil. Yn it doarp Marsum, by Ljouwert, wachtsje sy de ûntwikkelings ôf. De F-35 is wolkom, sizze sy dêr, it lawaai lykwols net.

Nochris te sjen op op Nederlân 2 sneon 22 juny om 10:25 oere en snein 23 juny om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)