Fryslân DOK fan 18 jannewaris 2015 17:00

Farmers & Ranchers

Farmers & Ranchers is it portret fan in útwikseling tusken Fryske en Amerikaanse jongeren dy't boer wurde wolle. De Fryske 'farmers' reizgje ôf nei de takomstige bedriuwen fan de 'ranchers' yn Kolorado en oarsom.

Yn de dokumintêre komt de nije generaasje boeren oan it wurd oer hoe't se de takomst sjogge. Yn harren wrâld fan greiden en prairies sil it feroarjende lânskip harren libben en fakmanskip bepale.

Dokumintêremakker en keunster Wapke Feenstra komt sels fan in buorkerij mei melkfee. Dêrtroch wit se yn Farmers & Ranchers de wenstige plattelânsklisjees te mijen. Foar dit projekt hawwe de jongeren ek foto's makke fan harren bedriuwsbesites. Dy binne no te sjen yn it Fries Museum yn Ljouwert.

Fryslân DOK: Farmers & Ranchers
Snein 18 jannewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 17 jannewaris om 15:30 oere en op snein 18 jannewaris om 12:25 oere op NPO2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)