Fryslân DOK fan 18 desimber 2012

'Djipgean foar Vancouver' nei Film Festival yn Milaan
FICTS Film Festival yn Milaan fan 5 o/m 9 desimber 2012

De dokumintêre ‘Djipgean foar Vancouver’ fan Fryslân DOK is selektearre foar it Internationaal FICTS Film Festival. De dokumintêre is selektearre yn de kategory ‘Sport Movies & TV 2012’ yn Milaan. ‘Djipgean foar Vancouver’ is in seldsum iepenhertige film oer shorttrackreedrydster Margriet de Schutter, dy’t fan jongs ôf oan de dream hie om mei te dwaan oan de Olympyske Winterspelen yn Vancouver. Op snein 9 desimber sil op it festival bekend wurde oft de dokumintêre ‘Djipgean foar Vancouver’ yn ‘e prizen falt.

Yn de dokumintêre folgje wy Margriet de Schutter yn har wei nei de Spelen yn Vancouver. Troch jierrenlange training komt Margriet hiel fier en sy wurdt lid fan it nasjonale schorttrackteam. De swiere trainings en de ynternasjonale wedstriden bringe har súkses, mar ek hieltyd mear blessueres. Har enoarme wil bringt Margriet ticht by dielname oan Vancouver. Wannear’t sy har plak yn it team ferliest, komt Margriet yn in mentale krisis terjochte.

Op it momint dat Margriet ophold mei har topsportkarriêre, hat sy ûnderfûn dat der kwa neisoarch foar topsporters dy’t ophâlde, noch in protte te winnen falt. It brocht har op it idee om dêroer in dokumintêre te meitsjen. Met it skriuwen fan it senario foar dat idee, wûn sy op it Noordelijk Film Festival yn novimber 2010 de Scenarioprijs. De sjuery stelde allinne ien betingst: de dokumintêre moast gean oer harsels. As winner fan de senariopriis mocht Margriet yn gearwurking mei in profesjoneel produksjeteam fan Omrop Fryslân, ûnder lieding fan regisseur Thom Verheul en kameraman Ismaël Lotz, de dokumintêre ‘Djipgean foar Vancouver’ yn produksje bringe.

It Internationaal Film Festival yn Milaan is in wrâldwiid evenemint op it mêd fan televyzje, film, sport en kommunikaasje. Dit jier sil it tritichjierrich bestean fan it FICTS festival fierd wurde. FICTS stiet foar ‘Federation Internationale Cinema Television Sportifs’. Jierliks dogge 110 lannen mei oan dat festival en it wurdt erkend troch it ynternasjonaal Olympysk Komitee.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op 22 desimber (10:30 oere) en 23 desimber (15:30 oere).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)