Fryslân DOK fan 17 septimber 2013

Kultuerpaleis of âldheidskeamer?

De timing kin hast net better. In wike nei’t Ljouwert keazen waard ta Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018 iepene Keninginne Maxima it nije Fries Museum yn de Fryske haadstêd. Omrop Fryslân ûndersocht de nije koers fan it Fries Museum.
It nije Fries Museum, in gebou fan 36 miljoen euro, is ûntwurpen troch arsjitekt Hubert-Jan Henket.
Dy opdracht is mooglik wurden troch in legaat fan Abe Bonnema, de bekende Fryske arsjitekt dy’t yn 2001 ferstoarn is. Hy liet 18 miljoen euro nei foar in nij museum yn it hert fan de stêd. Om har te ûnderskieden fan de oare musea yn Noard Nederlân rjochtet direkteur Saskia Bak har yn har eksposysjebelied benammen op de Fryske kultuer en skiednis yn al syn fasetten.
Saneamde blockbusters lykas de Deade Seerollen yn it Drents Museum en de oankundige eksposysje oer popartyst David Bowie yn it Groninger Museum, sille dêrom nea yn Ljouwert te besjen wêze. Kritikasters fine dêrom dat it Fries Museum him tefolle yn it ferline ûnderdompelet en dêrtroch it gesicht fan in feredele âldheidskeamer oannimt. Boppedat komt de fraach nei boppe oft de folsleine yntegraasje fan it Fersetsmuseum yn it Fries Museum net ta skea giet fan it effekt en de útstrieling fan dy lêste. Omrop Fryslân ûndersocht de nije koers fan it Fries Museum. In kultuerpaleis of in feredele âldheidskeamer? In wei nei de takomst of in dearinnend spoar?

Nochris te sjen op op Nederlân 2 sneon 21 septimber om 10:30 oere en snein 21 septimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)