Fryslân DOK fan 17 novimber 2013 18:10

Hylper Erfguod
Fryslân DOK oer de Hylper kultuer

Al yn de achttjinde ieu stie Hylpen bekend as in stêd dy’t it besjen wurdich wie. Mannich reizger woe it swierige skilderwurk, de aparte klaaiïng fan de froulju en de eigenaardige taal en gewoanten fan de befolking mei eigen eagen besjen. Anno 2013 libbet dy Hylper kultuer noch hieltyd en hat sels in plak krigen op de Nationale Inventaris van het Immaterieel Erfgoed yn Nederlân. In erkenning foar de Hylpers dy’t har ynsette foar it behâld en it oerdragen fan de eigen kultuer.
Mar wat is no typysk foar de Hylper kultuer? Fryslân Dok ûndersiket de trije pylders: it skilderwurk, de taal en de klaaiïng. Wat is de histoaryske eftergrûn fan dat erfguod, mar ek wat is de takomst? Want hoewol’t de Hylper kultuer sterk bewoartele is yn it ferline, besykje benammen ûndernimmers om der ek in moderne draai oan te jaan. Bygelyks mei in kofjeservys fan Douwe Egberts mei Hylper design en in searje meubels mei motiven dy’t brûkt wurde yn de pleatslike skilderkeunst. Sa is de Hylper kultuer springlibben. En is der sels it stribjen om op de list foar Immaterieel Erfgoed fan de Unesco te kommen.

Snein 17 novimber om 17:02 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op Nederlân 2 op sneon 16 novimber om 10:25 oere en op snein 17 novimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)