Fryslân DOK fan 17 april 2016 17:00

Diel trije: Yn ‘e krêft

Margriet van der Weide sjocht foar it earst by Theatre du Centaure in Marseille: in teatergroep dy’t wurket en libbet mei Fryske hynders. Yn Marseille hawwe sy in soarte fan nomadenkamp opset dêr’t de Fryske hynders en minsken byinoar wenje. Margriet hat Fryske hynders oan de groep ferkocht en komt se no opsykje. Fyftich jier lyn wie it Frysk hynderras hast útstoarn, troch de komst fan trekkers wiene de hynders gewoanwei net mear nedich. Hjoed-de-dei is it hynder wer tige populêr, benammen by ringriderijen en tuigwedstriden.

Snein 17 april fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)