Fryslân DOK fan 16 oktober 2012

  • Hans Wiegel

It Heareakkoart

Yn Fryslân DOK tiisdei wer in ôflevering fan It paad werom wêryn’t it giet oer it saneamde Heare-akkoart. De belutsenen fertelle oer harren wichtige rol dêryn. Dat binne: âld-minister Brinkman, âld-kommissaris Wiegel, âld-deputearren Liemburg en Walsma en âld-opposysjelieder yn de steaten Lyklema. Mar ek de fûle tsjinstanner fan doe, âld-boargemaster fan Ljouwert John te Loo, fertelt.

Op 17 febrewaris 1989 kamen yn Den Haach trije ministers (Braks fan lânbou, Deetman fan ûnderwiis en Brinkman fan kultuer), ien steatssekretaris (Evenhuis fan ekonomy) en twa kommissarissen fan de Keninginne, Vonhoff fan Grins en Wiegel fan Fryslân, byinoar.

In trajekt fan in pear jier tarieding yn djippe stilte waard doe yn in pear oeren ôfmakke en iepenbier makke: de tûkelteammen tusken Grins en Ljouwert waarden oplost. Grins krige de kultueropliedings, Ljouwert ferlear se. Njonken dy opliedings, wêrûnder it konservatoarium, ferlear Fryslân ek it Frysk Orkest. Ljouwert krige it heger lânbou-ûnderwiis wer werom. Dit Heare-akkoart soarge foar nochal wat kommoasje hjir en dêr.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 20 oktober om 10:25 oere en op snein 21 oktober om 15:30 .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)