Fryslân DOK fan 16 april 2013

Fryslân DOK: Ambacht

Passy, hânwurk en desennia lang fakmanskip binne wurden dy’t by it begryp ambacht passe. Yn de dokumintêre ‘Ambacht’ sjogge wy trije hantwurkslju dy’t hertstochtlik fertelle oer harren spesjalistyske ambacht yn Fryslân. Theo van Halsema is goud– en sulversmid, Sip van der Weide wurket al 50 jier as arksliper en Broer de Witte fertelt oer syn fak as klavesimbelbouwer.

Yn de 15de en 16de ieu hearde Fryslân, mei as flaggeskip Ljouwert, ta de wrâldtop op it mêd fan sulversmeien. Hjoed de dei wurdt dat fak ûnder oaren útoefene troch Theo van Halsema. Mei in soarte fan figuerseage, file en brander giet er al jierrenlang oan ‘e slach. Der binne noch mar in pear minsken dy’t it âlde hânwurk fan sulversmid noch behearskje.

Sip van der Weide wurket as arksliper yn in echte manljuswrâld. Yn totaal binne der 60 slipers offisjeel oansletten yn Nederlân. Dat oantal nimt hieltyd mear ôf. Sip wurket al sûnt 1973 mei passy en presyzje oan it slypjen fan alles dat mar skerp wurde moat. It komt regelmjittich foar dat er himsels snijt oan syn eigen ambachtlik produkt.

Ut need moast Broer de Witte syn eigen klavesimbel bouwe. Hy hie ien nedich foar syn stúdzje oargel en klavesimbel. Dêrmei begûn it allegear. It bouwen fan dat ynstrumint fassinearre him bot en sa waard it úteinlik syn fak. Foar syn ambacht brûkt er ferskate soarten hout. Wat frijwol nimmen wit, is dat Broer ek de fearren fan seefûgels brûkt dy’t er sels sammelet by de seedyk del.

De dokumintêre ‘Ambacht’ lit de hertstochtlike wrâld efter it ambacht fan doetiids en hjoed de dei sjen. Yn opdracht fan de Leeuwarder Historische Vereniging Aed Levwerd en produsint ClausMedia is dy dokumintêre ta stân brocht. Neist de dokumintêre is der yn Ljouwert ek in fideotocht (oan de hân fan QR-koades) dy’t by de wurkplakken en wenningen fan de hantwurkslju del giet.

Tiisdei 16 april om 17:10 oere en dêrnei fan 18:25 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 20 april om 10:30 oere en snein 21 april om 15:30 oere .

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)