Fryslân DOK fan 15 desimber 2013 17:00

Oersette, oer it libben op de Fryske ponten.

As wetter it deistich libben earne sterk beynfloedet, dan is dat yn Fryslân. Sleatsjes, marren, kanalen en de Waadsee trochkruse de trochgeande dyk oer it lân. En hieltyd wer sykje de minsken nei manieren om de oare kant te berikken. Der binne dan ek in soad ponten yn Fryslân dy't minsken oersette. De fearman of fearfrou stjoert de boat nei de oare kant fan it wetter en bringt sa de passazjiers nei skoalle, it wurk of beminden. Pontsjes binne in oerâld metronoom yn in sterk feroarjende wrâld. Flugger, alles moat flugger. Mar ienkear op ‘e boat kinne je je allinne mar oerjaan oan de kadâns fan de motor, it widzjen fan it wetter en de kueren fan de pontbaas. It is in repetearjend meganisme, in soarte fan natuerwet. Tsientallen kearen op in dei, tsientûzenen kearen yn in fearbazenlibben. Oersette is in dokumintêre oer it libben op de Fryske ponten. Oer de romantyk fan it fearmanskip tsjinoer it bodzjende, bikkelhurde bestean. Portretten fan markante pontbazen en harren klanten, fan It Amelân oant De Burd en fan De Gaastmar oant Nije Skou.

Ek te sjen op Nederlân 2 op sneon 14 desimber om 10:25 oere en snein 15 desimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)