Fryslân DOK fan 14 septimber 2014 17:00

Henriëtte, in fedette fan de Lytje Pole
Henriëtte Pieperiet is 80 jier en stiet bekend as de muzikale siel fan Skiermûntseach. Ta in nasjonale karriêre kaam it lykwols nea. Unwennigens hâldt har op de ‘Lytje Pole’. Sy makket al mear as 65 jier it eilân bliid mei kabaret en 1001 ferskes, dy’t se allegear út de holle ken. Op sawat alle brulloften, feestlike iepenings of begraffenissen spilet en sjongt se wurken fan Bach oant Drs. P.

Henriëtte Pieperiet komponearret yn de prachtige eilanner taal, dy’t driget út te stjerren. Har muzikale ynspiraasjeboarnen binne Ramses Shaffy, Marlene Dietrich en Drs. P. Har ferskes behannelje faak ûnwennigens en de oarloch. Mei har maat David de Boer stjoerde sy jierrenlang de suksesfolle eilanner revu ‘Op de bonnefooi’ oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)