Fryslân DOK fan 14 juny 2015 17:00

Rûchhouwers diel 2 – Libje foar de cross

Rûchhouwers, dat binne it. Allegearre op harren eigen manier, de rûge figueren dy’t oan ferskate soarten autocross dogge. Yn Fryslân lûke autocross-eveneminten alle simmers in soad leafhawwers. Programmamakker Wilfried Bijma besjocht yn Fryslân DOK de sport fan tichteby. Wêrom is autocross sa populêr en watfoar minsken crosse der eins? De Stockcar F1 is in bûtengewoane raceklasse. De selsboude stockcars hawwe somtiden mear as 600 pk. Yn de twadde ôflevering fan ‘Rûchhouwers’ wurdt Willem Sieger de Vries folge. Willem is Nederlânsk kampioen Stockcar en pleatste him dêrmei foar de wrâldkampioenskippen yn it Ingelske Coventry. Tusken de tsientûzen taskôgers fan dizze spektakulêre World Final binne alle jierren wer in soad Fryske crossers en fans.

Yn twa ôfleverings sketst de dokumintêre ‘Rûchhouwers’ in yngeand byld fan ferskate Fryske Banger- en Stockcar F1-riders. Om de dokumintêre te realisearjen is begjin ferline jier mei in crowdfunding-aksje 15.000 euro ophelle. Mear ynformaasje oer de dokumintêre is te finen op www.ruchhouwers.nl en op www.facebook.com/Ruchhouwers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)