Fryslân DOK fan 13 oktober 2013

Fryslân DOK: It Seaddehûs diel 1, de rekonstruksje

Hoe seagen yn de betide midsieuwen de hûzen yn it terpegebiet fan Fryslân derút? Hoe wennen de minsken doe? It is de fassinaasje fan argeolooch Daniel Postma. As studint ferdjippe er him yn de bou fan saneamde seaddehûzen, terpewenten mei muorren en dakken fan klaai en gers. It brocht him oant djip yn de oerlânskippen fan Yslân en Skotlân dêr’t noch in soad oerbliuwsels fan sokke hûzen te finen binne. Omrop Fryslân folge Postma op syn syktocht nei ynformaasje oer de oerwenten dêr’t de pleatslike elite yn de midsieuwen yn libbe. Sa is te sjen hoe’t Postma weardefolle oerbliuwsels fan âlde dak-konstruksjes op de Skotse Hybriden fynt. En op Yslân leart er it bouwen mei seadden want dêr binne se noch hyltyd te finen, dy seadehûzen. Tagelyk is yn de twadielige dokumintêre fan programmamakker Piter Tjeerdsma te sjen hoe’t yn Furdgum stapke foar stapke de rekonstruksje fan in seaddehûs by Furdgum foarm kriget.

Unmooglike missy
It idee om by Furdgum in echt seaddehûs nei te bouwen ûntstiet at tidens opgravings by de terp fan Furdgum spoaren fan seaddehûzen fûn wurde. It plan wurdt ûnderbrocht as ôfstudearprojekt foar Daniël Postma oan de universiteit fan Grins. Oerheden en bedriuwen springe by om de begrutting rûn te krijen en frijwilligers wurde útnoege om yn gearwurking mei it pleatslike Yeb Hettinga Museum it saeddehûs letterlik fan de grûn te krijen. In hast ûnmooglike missy om't der net in soad bekend is oer dy seaddehûzen.

Diel 1
Yn diel 1 omtinken foar de opgravings by Furdgum, de start fan de bou en de reis nei Yslân. Hjir waard oant 1950 ta noch wenne yn seaddehûzen. Dêrtroch binne der noch in soad oerbliuwsels. Yn it noarden is yn in grutte boerepleats fan seadden ek in museum ûnderbrocht. Hjir wurde ek kursussen seaddebou jûn en sa wurdt Daniël Postma de earste diplomearre Nederlânske seaddebouwer. Net allinnich buorkerijen en wenten fan seadden binne op Yslân bewarre bleaun, mar ek oare gebouwen lykas tsjerken. Yn it sintrum yn Reykjavik binne Yslânske archeologen dwaande mei opgravings fan seaddehûzen fan 1200 jier âld, út deselde tiid as it hûs fan Furdgum. It is in wichtige bron fan ynformaasje foar Postma dy't yn de de Yslânske haadstêd ek in museum besiket dat ûnder in hotel bout is om wichtige opgravings út de midsieuwen te beskermjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)