Fryslân DOK fan 13 novimber 2012

Kleaster Klaarkamp diel 1

Fryslân DOK komt mei in trijedielige rige oer kleaster Klaarkamp by Rinsumageast. Bernard van Clairvaux stichte dat kleaster yn de tolfde ieu. Kleaster Klaarkamp wie in ryk en machtich kleaster yn dy tiid. De muontsen makken lân oan en groeven fearten en hawwe der sa foar soarge dat der buorke wurde koe. Op dy wize hawwe sy ynfloed hân op en bydroegen oan de ûntjouwing fan it gebiet.

Foar dizze programma’s binne opnamen makke op de plakken fan de Sistersiënzer kleasters; kleaster Klaarkamp yn Fryslân, kleaster Aduard yn Grinslân en kleaster Ihlow yn Dútslân. Histoarikus Hans Mol fan de Fryske Akademy nimt de sjogger mei werom nei de tiid fan de kleasters en de muontsen.

Diel I
Fan 1165 oant de reformaasje yn 1580 hat it Sistersiënzer kleaster Klaarkamp by Rinsumageast in wichtige rol spile yn de ûntjouwing fan de Noardeasthoeke fan Fryslân. Stichter Bernard van Clairvaux kaam fan Boergonje en moast neat hawwe fan de rykdom fan de tsjerken yn dy tiid. Neffens him wienen de tsjerken ferwurden ta de skatkeamers fan de riken. Bernard brocht de soberheid en it hurde wurkjen werom en rjochte de oarder fan de Benediktinen op.

Neffens histoarikus Hans Mol hawwe de Benediktinen keazen foar Rinsumageast, omdat it dêr goed buorkjen wie en der ferfier oer wetter mooglik wie. Yn 1939 waard de terp, dêr't kleaster Klaarkamp op stien hie, ôfgroeven. De fruchtbere grûn waard ferkocht en mei skûten nei greidboeren brocht. De ôfgraving fan de terp waard laat troch professor Van Giffen, hy hie as archeolooch grut oansjen. It Frysk Genoatskip seach der op ta dat alles wat der fûn waard, yn it Frysk Museum telâne kaam. By de fynsten binne fazen, tegels en gebrûksfoarwerpen, mar ek singeliere saken, lykas klankpotten en in reiskandeler.

Yn dit earste programma ljochtet âld-provinsjaal archeolooch Evert Kramer fynsten ta en sjogge wy hoe't de Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod op 'e nij archeologysk ûndersyk docht op it terrein. Aan Prins fertelt oer wat er noch wit fan de opgravings út 1942, want hy wenne der foaroer. En pastoar Van der Wal fan Frjentsjer fertelt oer it libben fan de muontsen.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 17 novimber om 10:25 oere en snein 18 novimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)