Fryslân DOK fan 13 april 2014 17:00

Fryslân DOK: De fergetten tunen fan Gerrit Vlaskamp diel 2

Restauraasje of renovaasje?
In soad fan de hjoeddeiske túneigeners hienen noch nea fan Vlaskamp heard, mar troch in wiidweidige ynventarisaasje steane syn fergetten tunen wer op ‘e kaart. Wat is der noch oer fan syn oarspronklike arsjitektuer en wolle wy dit libbene erfguod behâlde foar de takomst? Sa ja, hoe? Want de needklok liedt. De needsaak ta ynventarisaasje, behâld, restauraasje en/of renovaasje is urgint en fan in grut kultuerhistoarysk belang. Folgje wy it oarspronklike plan of meitsje wy in fertaalslach nei it heden en de takomst? Vlaskamp sil op ‘e nij ‘ta libben komme’ en in diskusje op gong bringe oer de wearde fan grien erfguod foar de takomst.

Te sjen op:
Snein 13 april om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 12 april om 10:25 oere en snein 13 april om 15:25 oere op Nederlân 2.

Tentoanstelling en boek
It Fries Museum set mei de Vlaskamptentoanstelling oan de hân fan tekeningen, foto’s, boeken en ferhalen in portret del fan de Fryske notabele tún- en parkmoade yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu. De útstalling iepenet yn it museumwykein op sneon 5 april en is te besjen oant en mei 14 septimber 2014. By de iepening wurdt ek it boek ‘De vergeten tuinen van Gerrit Vlaskamp’ fan de Afûk presintearre. Saakkundige auteurs portrettearje Gerrit Lambertus Vlaskamp (1834-1906): hofker, túnoanlizzer en túnûntwerper. Mear ynformaasje oer de tentoanstelling en it boek is te finen op www.friesmuseum.nl en www.afuk.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)