Fryslân DOK fan 12 oktober 2014 17:00

Under fjoer, brân op de Kelders Ljouwert

It sintrum fan Ljouwert waard op 19 oktober ferline jier troffen troch in brân dy’t grutte yndruk makke op de ynwenners fan de Fryske haadstêd. Der foel in deadlik slachtoffer, de brân wie yn it hert fan de stêd en hy wie boppedat hiel grut yn omfang. Dat alles makket de Keldersbrân ta in barren dat minsken bybliuwt. Yn dit gefal wie de brân yn it sintrum fan de Fryske haadstêd, mar feitliks driget itselde gefaar foar in soad oare âlde binnenstêden yn Nederlân.

Oer de grutte brân op de Kelders yn Ljouwert is al in soad sein en skreaun. Der leit in skuldfraach en der is in fertochte dy’t foarkomme moat, omdat er net goed oppast hawwe soe mei in gaskachel.
De gemeente, de húseigeners, plysje en brânwacht evaluearje hoe’t se hannele hawwe op dy dramatyske jûn. De dokumintêre ‘Under Fjoer, brân op de Kelders Ljouwert’ giet net oer de skuldfraach of oer de oarsaak fan de brân. Sintraal stiet it ferhaal fan de heit en mem fan it slachtoffer, Theo en Ymkje Otte, en de seis manlju fan de brânwachtkazerne Post Noord yn de Ljouwerter wyk Bilgaard.

Op de jûn en nacht fan de grutte brân stie de tiid efkes stil foar de minsken dy’t der it tichtste by belutsen wiene. De brânwachtlju besochten om ‘e nocht in minsk te rêden en de âlden rekken harren soan kwyt. Yn dizze Fryslân DOK komme de persoanlike ferhalen efter de grutte brân op de Kelders yn Ljouwert wiidweidich oan ‘e oarder.

Ek te sjen op sneon 11 oktober om 10:25 oere en snein 12 oktober om 15:30 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)