Fryslân DOK fan 12 maart 2013

Mistral Nora en Action Skoatter

Tiisdei stjoert Omrop Fryslân yn Fryslân DOK in ôflevering út fan ‘It paad werom’. Dy útstjoering giet oer de twa bêste hynders fan Fryslân: Mistral Nora en Action Skoatter. Twa kear hie Fryslân de draver fan it jier yn ‘e hûs en beide kearen wie dat folslein net ferwachte. De lêste wie Action Skoatter. In better hynder hat der nea yn Nederlân west. Mar de grutte ferrassing fan de santiger jierren wie Mistral Nora. It ferhaal fan twa dravers fan it jier dy’t beide op in aparte manier by harren baas kamen.

Doe't it lytse Oerterper boerke Wolter Huisman om in ko soe nei hanneler Boestra op 'e Gordyk, kaam er thús mei in hynder, Mistral Nora. Dat hynder soe útgroeie ta in sensaasje, alles winne, en draver fan it jier wurde yn 1974. En dat wylst Mistral Nora gewoan traind waard by de dyk tusken Drachten en Easterwâlde del.

Sa'n tsien jier letter bleaunen feekeapman Eelke Kruis en fokker Evert Gaastra op in feiling hingjen oan Miss Dartel, in hynder dat swier wie. Swier fan Action Skoatter, en dat soe it bêste hynder wurde dat ea yn Nederlân rûn hat. Miskien wol de bêste fan Europa. Yn elts gefal waard it yn 1987 hynder fan it jier. Beide hynders rinne ‘it paad werom’ nei de jierren ’70 en ‘80.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)