Fryslân DOK fan 12 jannewaris 2014 17:00

It ferdielde eilân: de fearboatoarloch op Skylge

Yn 2008 begjint de Eigen Veerdienst Terschelling, de EVT, te farren tusken Skylge en Harns. De inisjatyfnimmers sizze genôch te hawwen fan de monopoalistyske hâlding fan rederij Doeksen. Eilanners soene te min ynspraak hawwe op de ôffearttiden fan de feartsjinst. Yn 2012 bringt de EVT de Spathoek yn de feart. It konflikt tusken beide rederijen berikt dêrmei in hichtepunt. Rederij Doeksen ferliest hieltyd mear reizgers en komt nei eigen sizzen yn grutte finansjele problemen. Uteinlik driget de rederij mei it skrassen fan ûnrendabele ôffearten, benammen yn de wintermoannen.
Maatskiplike ûnrêst driget foar Skylge. De eilanners binne troch de fearboatoarloch yntusken ferdield yn twa kampen. Dat hat ek syn wjerslach op it sosjale libben. Tsjinstanners mije elkoar en in protte Skylgers doare harren yn it iepenbier net mear út te sprekken oer harren foarkar foar de EVT of rederij Doeksen.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 11 jannewaris om 10:30 oere op Nederlân 2 en snein 12 jannewaris om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)