Fryslân DOK fan 12 febrewaris 2013

  • It optreden fan de Fryske band Yldau op Liet International yn Gijón

Liet Ynternasjonaal, de rispinge fan 2012

Liet Ynternasjonaal, it sjongfestival foar minderheidstalen, bestiet tsien jier. Nei de start yn Fryslân, reizget dit festival no troch Europa en it liket alle jierren oan kwaliteit te winnen. Fryslân DOK komt mei in dokumintêre oer it festival. Yn dizze edysje komme alle muzikanten fan Liet Ynternasjonaal 2012 oan bod.

Gijón, de grutste stêd yn Astûrje yn Spanje wie yn 2012 de gasthear. Alve groepen joegen dêr op 1 desimber acte de présence. Yldau, de band fan de sjongeressen Yldau Bijlsma en Yldau Hoekstra, fertsjintwurdige Fryslân. Sy einigen úteinlik op it sânde plak. Grutte winner wie Lleuwen Steffan, de sjongeres út Bretagne. De publykspriis wie foar de Asturiana Mining Company, dy spile foar eigen publyk. In nije taal dit jier wie it Urdmurtysk, in lytse taal út it gebiet fan de Russyske Oeral. De oanwêzigens fan in aksjegroep yn de seal, dy't oandacht freget foar de posysje fan it Astûrysk, wiist derop dat it sjongen yn minderheidstalen ek in polityk-maatskiplike kwestje is. It fuortbestean fan al dy talen is ûnwis en dêr wol it festival net direkt, mar miskien wol yndirekt in rol yn spylje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)