Fryslân DOK fan 11 septimber 2016 17:00

Feroarkrêft

De partisipaasjemienskip, dêr’t elk sines oan bydraacht en de oerheid op syn heechst fasilitearret, freget om in feroaring fan mentaliteit. En dat ferrint net altyd like maklik. Yn febrewaris liet Fryslân DOK sjen hoe’t Fryske mienskippen op eigen krêft duorsum besochten te wurden. Hoe stiet it dêr no mei?

De ûntwikkelingen yn Penjum en de doarpen fan De Trynwâlden binne dêrfoar op de foet folge. Dy Fryske doarpen wiene yn febrewaris hurd op wei om enerzjyneutraal te wurden. Mar hoe moat dat organisearre wurde? En hoe krije je elkenien mei yn dy ambysje? De doarpen binne in jier lange folge yn dy ûntwikkelingen. Yn de Fryslân DOK ‘Feroarkrêft’ wurdt weromsjoen nei de wei hjir nei ta en foarútsjoen nei de takomst.

Snein 11 septimber fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)