Fryslân DOK fan 11 septimber 2012

  • Skûtsjesilen

Klaas en Sippy, 35 jier skûtsjesilen

Sippy Tigchelaar en Klaas Jansma hawwe dit jier foar it lêst tegearre ferslach dien fan it skûtsjesilen. Al 35 jier binne de twa ûnskiedber ferbûn oan de SKS- en de IFKS-ferslachjouwing op Omrop Fryslân Radio.

Yn it boatsje ‘Woeste Piebe’ folgen Klaas en Sippy de wedstriden op ‘e foet. Mei skipper Henk Schippers foeren sy hieltyd nei spektakulêre situaasjes om ferslach te dwaan. By de harkers thús en de sjoggers op de wâl is it duo populêr. Klaas makke de wedstriden spannend, mei grut entûsjasme folge hy de silerij. Guon minsken op ‘e wâl tinke dat Klaas it silen yn syn ferslach wolris spannender makket as dat it is. In trouwe taskôger seit deroer: “Klaas is der foar de spanning en as wy krekt witte wolle hoe’t it sit, dan hearre wy dat fan Sippy”. Sippy soarget derfoar dat de feiten goed oan bod komme en praat nei ôfrin mei de skippers en de bemanning.

Yn Fryslân DOK in portret fan Sippy Tigchelaar en Klaas Jansma. De unike wikselwurking tusken Klaas en Sippy is fan tichtby te sjen, Programmamakker Gryt van Duinen folge harren wilens de ferslachjouwing fan de SKS dit jier.

Tiisdei 11 septimber om 17:10 oere en dernei fan 18:30 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Sneon 15 septimber om 10:30 oere op Nederlân 2. Nochris te sjen snein 16 septimber om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)