Fryslân DOK fan 11 jannewaris 2015 17:00

Foarmekoar?

De ‘nije soarch’ is fan 1 jannewaris 2015 ôf offisjeel de nije manier fan wurkjen. Dit soarget foar allegear feroarings en dêrmei ek foar tsjinstridige gefoelens. Fryslân DOK leit de tariedings fan dizze feroarings fêst, folget in soarchteam yn har wurk en gong yn petear mei ferskate partijen oer de feroarings yn de soarch.

De earste rjochtsaken oer de soarch hawwe al west en ek yn de mienskip binne de klachten en soargen al breed útmetten. Boargers fiele harren tekoart dien troch de nije soarchwet. Mar wat ferwachtet de soarchkliïnt no sels fan de soarch yn dit nije jier? En hoe belibje de gemeenten de tariedings foar de nije soarch? Ferskate partijen komme oan it wurd om fragen oer de feroarings te beantwurdzjen. Under oare in wethâlder en in belange-organisaasje litte harren ljocht skine oer wat noch komme sil.

De soarch tichteby mei minder jild, komt dat wol goed? Fryslân DOK leit de gefoelens en ûnderfinings mei de feroarings yn de soarch fêst.

Fryslân DOK: Foarmekoar?
Snein 11 jannewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 10 jannewaris om 15:30 oere en op snein 11 jannewaris om 12:25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)