Fryslân DOK fan 11 desimber 2016 17:00

Fryslân DOK: It Swarte Goud

Diel 1: Fan alle tiden,

De dokumintêrerige It Swarte Goud fan Omrop Fryslân oer it Frysk hynder wurdt yn desimber en jannewaris werhelle. It Swarte Goud hat oardel wike lyn in priis wûn op in grut filmfestival yn New York. De dokumintêre wie de bêste yn de kategory ynternasjonale spylfilm. Omrop Fryslân wie troch de organisaasje fan it EQUUS Film Festival frege om It Swarte Goud yn New York te fertoanen.

Yn april fan dit jier stjoerde Omrop Fryslân de fiifdielige Fryslân DOK-rige It Swarte Goud út. In dokumintêre oer ien fan de wichtichste eksportprodukten fan Fryslân: it Frysk hynder. No, mear as in heal jier letter, wint de film fan programmamakkers Piter Tjeerdsma en Albert Jensma en researcher Johanna Brinkman in priis op it EQUUS Film Festival yn New York. It festival is in evenemint dat spesjaal yn it libben roppen is foar films oer hynders.

Oan de ein fan dit jier en begjin takom jier wurdt It Swarte Goud werhelle op Omrop Fryslân Telefyzje. Yn de rige wurdt antwurd socht op in tal fragen. Hoe bleau en bliuwt it ras oerein? Wêrom ried Zorro op in Fries en wêrom hat thrillerskriuwer Dan Brown Fryske hynders? Nei alle gedachten om dy dreech te ferwurdzjen reden dy’t Fryske emigranten emosjoneel makket as it oer Fryske hynders giet.
De dokumintêrerige It Swarte Goud fertelt oer de skiednis, takomst, passy, keuringen, gebrûken en it sukses fan it Frysk hynder.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)