Fryslân DOK fan 11 desimber 2012

Di Gojim Roots

Dizze wike yn Fryslân DOK de dokumintêre ‘Di Gojim Roots’. De muzykgroep Di Gojim bestiet yn 2013 25 jier. Fryslân DOK giet mei de oprjochter, Jaap Mulder, werom nei syn roots yn Ljouwert. Hy fertelt oer it ûntstean fan syn leafde foar de Joadske en East-Europeeske kultuer en muzyk. Nei 25 jier kin er dêr noch mei in soad entûsjasme oer fertelle.

Di Gojim bringt in miks fan tradisjonele Klezmer muzyk mei East-Europeeske sigeunermuzyk. Fan fleurige brulloftsmuzyk oant gefoelige balladen. De band sjongt ôfwikseljend yn it Jiddysk, Frysk en Stedsfrysk. Foaral it Jiddysk en it Ljouwerters wurdt hieltyd minder sprutsen. Di Gojim hopet mei syn muzyk in bydrage te leverjen oan it yn stân hâlden fan dizze talen en kultueren.

Jaap Mulder nimt ús mei nei plakken yn Ljouwert dy't in link hawwe mei de skiednis en de nûmers dy't de band spilet. Sa fertelt er by it stânbyld fan Roosje Cohen oer har libben, oer hoe't sy de oarloch oerlibbe kinnen hat en dat er fynt dat dit stânbyld in better plak yn Ljouwert fertsjinnet. De skiednis fan Roosje Cohen wie de oanlieding foar it skriuwen fan in gefoelich liet oer har. Ek spilet Di Gojim in liet oer de Masedoanyske frijheidsstrider Jane Sandanksi. Hy hat foar de Earste Wrâldoarloch in moeting hân mei Piter Jelles Troelstra en de Ljouwerter anargist Alexander Cohen yn Hotel Schaaf yn Ljouwert. In moai foarbyld fan hoe't skiednis en muzyk byinoar komme.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 15 desimber om 10:30 oere en snein 16 desimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)