Fryslân DOK fan 10 novimber 2013 17:00

Metal heart by Fryslân
Fryslân DOK oer de Fryske metalscene

Ekstreme muzyk is al jierrenlang tige populêr yn Fryslân, sa’t te sjen is oan it grutte tal fans, bands en konserten yn dat muzyksjenre. Under de namme ‘In hert foar hurd’ stjoert Omrop Fryslân op snein 10 novimber in dokumintêre út oer de Fryske metalscene. Wat is de stân fan saken yn de Fryske- , mar ek yn de (ynter)nasjonale metalwrâld? Hoe ûntwikkelet de scene him en sit der takomst yn 'e metal? Op syk nei de antwurden op dy fragen gie dokumintêremakker Douwe Talma yn petear mei bandleden fan Fryske metalbands, mei de Stichting Metalization, dy’t de Fryske metal ûnder oaren stipet troch it útbringen fan de Frisian Metal Massacre sammelplaten, en mei metalmagazine Aardschok; al mear as tritich jier in wichtich tiidskrift yn de ynternasjonale metal. Dêrneist waard der filme by de lêste edysjes fan de beide Fryske metalfestivals Dokk' Em Open Air en Into The Grave, dêr't Talma de organisatoaren en festivalbesikers hifke. Ek de ferneamde Britse band Paradise Lost, headliner fan Into The Grave 2013, waard ûnderfrege oer de hjoeddeistige ûntwikkelings yn de ekstreme muzyk. Yn ‘In hert foar hurd’ wurdt dúdlik dat alle ‘metalheads’ dy’t oan it wurd komme miskien in rûch imago en uterlik hawwe, mar eins hiele leave minsken binne.

Snein 10 novimber om 17:02 oere en dêrnei fan 18:10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Sneon 9 novimber om 10:25 oere op Nederlân 2. Nochris te sjen op snein 10 novimber om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)