Fryslân DOK fan 10 july 2016 17:00

In nij thús

Noch nea wie de flechtlingeproblematyk sa grut as hjoed-de-dei. Mar ek yn de jierren njoggentich socht in grut tal flechtlingen in feilich bestean yn ús lân. Yn dy tiid waard der in asylsikerssintrum yn Sint Anne iepene. Troch de jierren hinne biedt it doarp ûnderdak oan in soad asylsikers.

Mar hoe giet it no mei âld-asylsikers dy’t destiids in ferbliuwsfergunning krigen hawwe en al in tiid yn Sint Anne in nij thús opbouwe? Wêr rinne sy op dit stuit tsjinoan? Hawwe se harren plak yn de Fryske mienskip fûn en op hokker wize binne sy belutsen by de hjoeddeistige flechtlingestream?

Yn dizze Fryslân DOK komme de ferhalen fan trije âld-asylsikers út Sint Anne oan bod. Sa folgje wy de 27-jierrige Syryske Ozjan yn har eigen winkel. We moetsje de Somalyske Ahmed by syn frijwilligerswurk yn it âldereintehûs en we sjogge mei mei de út Afganistan ôfkomstige Farid, dy’t flechtlingen begeliedt yn de lokale kringloopwinkel.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)