Fryslân DOK fan 10 augustus 2014 17:00

[Werhelling] Dizze dokumintêre is earder útstjoerd op snein 15 febrewaris 2014.
Manlju en froulju fan Stiel. It dossier Prins Dokkum

It is in jier ferlyn dat de metaalarbeiders en oare personielsleden te hearren krigen dat de produksje fan Prins Dokkum tichtgean soe. Sy wiene ferbjustere oer de redenen fan dy sluting en oer it ûntbrekken fan in tarikkend sosjaal plan. Der folge in opfallende rige aksjes en stakingen dy't lanlik de oandacht luts, mei troch de ynset fan de froulju fan de wurknimmers.

Prins Dokkum, bekend as “it fangrailfabryk”, is ûnderdiel fan it Noarske konsern Saferoad dat ûndernimmings hat yn 21 lannen. De masines fan Prins binne yn de rin fan it jier nei in dochterûndernimming yn Poalen transportearre. De ûndernimmingskeamer fan de rjochtbank stelde in ûndersyk yn nei de gong fan saken.

Mar in jier letter docht bliken dat de wurknimmers wurch striden binne. Noch altyd lilk oer de wize wêrop’t sy behannele binne, stimt de mearderheid úteinlik foar it oannimmen fan in ûntslachfergoeding fan harren eks-wurkjouwer. Sy geane dêrby akkoart mei de betingst fan de direksje, dat it ûndersyk fan de ûndernimmingskeamer en alle oare prosedueres stillein wurde. In lytse minderheid bliuwt ûntgûchele efter.

De dokumintêre is in klassyk ferhaal oer de striid fan de lytse man en frou tsjin de macht fan grutte konserns.

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)