Fryslân DOK fan 1 novimber 2015 17:00

Grûn

Grûn is de grutte jubileumfoarstelling fan Tryater. It Frysk toanielselskip bestiet fyftich jier en is dermei it âldste teaterselskip fan Nederlân. Grûn, skreaun troch artistyk lieder Ira Judkovskaja, fertelt it ferhaal fan twa Fryske famyljes oer trije generaasjes. Elkenien is troch dy famyljebân mei elkoar ferbûn, mar ek mei de tiid wêryn't we libje.

Mar leafst 16 akteurs spylje yn de nije grutte seal fan skouboarch De Lawei de jubileumfoarstelling fan fjouwer oeren. De foarstelling spilet fanwegen de grutte omfang eksklusyf yn De Lawei yn Drachten. ‘Grûn’ fertelt it ferhaal fan twa boerefamyljes út itselde doarp. De iene famylje is roomsk en hâldt al fjouwer generaasjes it boerebedriuw draaiende. De oare famylje is herfoarme, by harren waard it boerebedriuw yn de jierren santich fuortsanearre. De famyljes libje al trije generaasjes lang óp en fán it lân dêr’t harren âlden en foarâlden libben.

Yn ‘Grûn’ giet elke generaasje op har eigen wize om mei universele tema's as leauwen, ambysje, ferlies en feroaring. "Wat der ek bart, it libben giet altyd troch" is ien fan de kredo's fan Judkovskaja. Boppe harren op it toaniel draaie grutte filten planeten fan Claudy Jongstra, om in gefoel fan "in universum yn in universum" op te roppen. It toanielbyld is ûntwurpen troch Roos van Geffen.

Tryater ropt minsken rûn de jubileumsfoarstelling ‘Grûn’ op om ek hárren famyljeferhalen te fertellen.
Dat wurdt dien mei it publyksprojekt ‘In bosk fan minsken’ wêryn famyljeferhalen ferbûn wurde.
Fia www.inboskfanminsken.nl wurde de ferhalen sammele. De ferhalen krije úteinlik foarm yn in lûdsynstallaasje fan Bouke Groen.

Fryslân DOK: Grûn
Snein 1 novimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 31 oktober om 15.35 oere en snein 1 novimber om 12.25 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)