Fryslân DOK fan 1 maaie 2016 17:00

Diel fiif: De blik foarút

De amazône Cheré Burger yn it Súd-Afrikaanske Potchefstroom berydt it Frysk hynder Adelprag Anders 451 en hat dêrmei har debút makke op de wrâldruterspullen. Hjirmei skreau se skiednis, want it wie de earste kear dat der in Frysk hynder meidie oan sa’n grut dressuerevenemint. Cheré fertelt oer de takomst fan it Frysk hynder yn de top fan de dressuer. Fierder it grutste Frysk hynder evenemint fan it jier: de Fryske Hynstekeuring.

Hynsteleafhawwers fan oer de hiele wrâld komme byinoar om te sjen nei de keuringen en de shows. ‘Het Friesch Paarden-Stamboek’, mei 14.000 leden yn fyftich lannen, sjocht hjir ta op de kwaliteit en suverens fan it ras.

Snein 1 maaie fan 17.00 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 30 april om 15.30 oere en snein 16 maaie om 12.55 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)