Fryslân DOK fan 1 juny 2014 17:00

Hearke

Hearke; in Frysk hynder. De hynst waard berne yn 1973, ôfkomstich fan heit Mark en mem Gelbrich, beide preferint. Dêr soe Hearke royaal oerhinne gean. Hy hat 1089 neikommelingen yn it Frysk Hynstestamboek.

De hynst wie net allinnich in geweldige dekhynst, mar hy wie ek in geweldich túchhynder. By de dekhynsten waard hy acht kear efterinoar Nederlânsk kampioen, yn totaal tolve kear.
De earste eigener fan Hearke wie Lammert Dykstra út Haskerhoarne. Letter waard Jan Bangma út Aldeboarn eigener. Syn soan Sybren ried mei Hearke op konkoersen. Yn dizze Fryslân DOK docht bliken dat Sybren Bangma en Hearke echte freonen wienen, freonen foar it libben. Oan dy freonskip kaam in ein mei it ferstjerren fan Hearke yn 1994. Yn de dokumintêre binne moaie histoaryske bylden te sjen en opfallende opnamen fan de hân fan Jan Bangma oer de gloarje fan harren hynst Hearke.

Ek te sjen op sneon 31 maaie om 10:25 oere en snein 1 juny om 15:30 oere op Nederlân 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)