Fryslân DOK fan 1 july 2012

Lytse skoallen

Fryslân hat de measte lytse skoallen fan hiel Nederlân, mar troch de krimp en besunigings yn it ûnderwiis driigje der hieltyd mear fan dy lytse skoaltsjes te ferdwinen. Foar basisskoalle Mids de Marren op ‘e Gaastmar wie it ek hast safier. De doarpsskoalle soe slute moatte omdat dy te min learlingen hat. Dokumintêremakker Marja Wiersma folge in skoaljier personiel en learlingen en harren âlders fan Mids de Marren. It slagge de skoalle de driigjende sluting foar te kommen, mar hoe lang hâlde sy dat noch fol?

Op Mids de Marren sieten yn 2011 22 bern en dat is wetlik sjoen ien te min. Sa jout juf Froukje Bakker les oan de middenbou, in kombinaasje fan groep 3, 4 en 5. Sy hat 9 bern yn ’e klasse, allinne mar jonkjes. Master Klaas Zwanenburg jout les oan de boppebou, in kombinaasje fan groep 6, 7 en 8. Mei-inoar binne dat 7 bern. En Sietske sit allinnich yn groep 6, mar dat is sy wol wend, want sy sit har hiele libben al allinnich yn ’e klasse. Sy hat it hiel bot nei it sin op Mids de Marren.

Fryslân hie yn 2010 hast 100 skoallen mei minder as 50 bern, sa’n 25 dêrfan hiene minder as 35 bern. En hoe’t al dy doarpen ek stride foar it behâld fan harren doarpsskoalle, de lytse skoalle sit yn swier waar. Troch de krimp yn parten fan Fryslân sille hieltyd mear lytse skoallen slute moatte omdat sy te min learlingen hawwe. In proses dat net te kearen is yn in tiid fan besunigings, want lytse skoallen binne relatyf djoer. Sintraal, tusken in tal doarpen yn, sil dan in grutte skoalle oerbliuwe mei ekstra foarsjennings lykas foar- en neiskoalske opfang.

Direkteur Reitze Sybesma wurke 13 jier op Mids de Marren en naam yn augustus 2011 ôfskie. Hy ergeret him oan dy ûntwikkeling: ‘’Mids de Marren is in goeie skoalle en sa binne der folle mear lytse skoallen dy’t goed binne. Mar de stimming is: krimp, lytse skoallen leverje minne kwaliteit en binne sosjaal net sûn. Dus lytse skoallen moatte mar opgean yn gruttere ienheden. Dat yrritearret my.’’

Dit programma is earder útstjoerd op 6 novimber 2011
Koarlyn is bekind wurden dat yn 2014 it doek definityf falle sil foar "Mids de Marren".

Diel dit berjocht op:

Fryslân DOK

Filmysk fertelde ferhalen oer saken dy't der ta dogge. De Frysktalige dokumintêres wurde Nederlânsk ûndertitele útstjoerd op NPO 2.
    Radio iconUtstjoering: Alle sneinen om 17.00 oere.
(advertinsje)