Fryslân DOK fan 1 febrewaris 2015 17:00

De Heare ferstiet gjin Frysk

Dizze moanne is it hûndert jier lyn dat dûmny Wumkes yn Tsjom foar it earst in tsjerketsjinst yn it Frysk hâlde. Dochs is it foar Frysktaligen net fansels om harren memmetaal yn ‘e tsjerke te hearren of om dy te brûken by it bidden. Remco van der Leeuw (20) ûndersiket hoe't dat sit. Hy praat ûnder oaren mei de tsjerkgongers yn Tsjom, sjocht yn de keet dêr't jongeren "keetechisaasje" krije yn it Frysk fan dûmny Liuwe Westra en praat mei dûmny Hinne Wagenaar fan Nijkleaster yn Jorwert. Ek giet Remco del by syn eigen pake en beppe, want pake bidt yn it Frysk en beppe yn it Hollânsk. En Remco sels? Dy komt der hieltyd mear achter dat de praktyk fan in libbene taal komplekser is as de teory fan in manifest.

Fryslân DOK: De Heare ferstiet gjin Frysk
Snein 1 febrewaris om 17:00 oere en dêrnei fan 18:10 oere alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje.
Ek te sjen op sneon 31 jannewaris om 15:40 oere op NPO 2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)