Fryslân DOK fan 1 desimber 2013 17:00

De Fryske Akademy
Fryslân DOK oer 75 jier Frysk wittenskiplik ûndersyk

De Fryske Akademy waard yn 1938 oprjochte en fierde koartlyn it 75-jierrich bestean. Fryslân DOK komt mei in dokumintêre oer dat wittenskiplik ynstitút. De Fryske Akademy waard oprjochte om’t de Friezen har realisearren dat de âlde Frjentsjerter universiteit net mear weromkomme soe. Men woe yn Fryslân dochs op eigen wize ûndersyk dwaan nei ferskate saken út de Fryske skiednis, mienskip, kultuer en benammen de taal. In nij Frysk wittenskiplik ynstitút wie dêrom belangryk.
Yn dizze Fryslân DOK is te sjen hoe’t de Fryske Akademy it ûndersykswurk, dat men by de oprjochting foar eagen hie, noch hieltyd útfiert. Yn de dokumintêre komt ek de wurdearring nei foaren dy’t de mienskip dêr foar hat. Benammen omdat fan it begjin ôf oan de saneamde amateurwittenskippers meidraaid hawwe yn de realisaasje fan ûndersiken dy’t de Akademy dien hat. De grutste prestaasje dêrby is: it Grut Frysk Wurdboek. Yn 25 dielen stiet de hiele Fryske taal beskreaun. Mar ek op oare manieren hat de Fryske Akademy him op de kaart setten, it ynstitút joech yn 75 jier sa’n 1.000 boeken út.

Nochris te sjen op Nederlân 2 op sneon 30 novimber om 10:30 oere en snein 1 desimber om 15:30 oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)