Fryslân Aktueel: Solar Challenge fan 30 juny 2014 18:20

Dit jier folget de Dong Energy Solar Challenge in nije rûte. Yn plak fan de tradisjonele Alvestêderûte farre de sinneboaten no om it hurdst fan Blauwestêd yn Grinslân nei Ljouwert. Yn fiif etappes moatte de dielnimmers dy rûte ôflizze. Hjoed is de tredde wedstriiddei. De boaten farre fan Grins troch it Reitdjip nei Sâltkamp.
Moandei folgen wy út de topklasse, it Clafis Private Energy Solar Team út Ljouwert. Har boat hellet hast 45 kilometer de oere en se ha al in soad oerwinnings op har namme stean.

Yn Australië organisearren se de World Solar Challenge op de dyk. Yn Fryslân kin dat ek, mar dan op it wetter. Sa tocht Bouwe de Boer, de betinker fan de Solar Challenge yn ús provinsje.
In 2006 wie it safier: de earste edysje fan de Frisian Nuon Solar Challenge en no fiere se har lustrum. Nei de earste race hat de Solar Challenge grutte ynnovaasjestappen makke. Bouwe de Boer sjocht werom yn de tiid en foarút nei de takomst.

De Amerikanen dogge dizze edysje fan de Solar Challenge foar it earst mei. Se wiene begjin ferline wike al te gast op it Ljouwerter Lyseum om harren boat op te bouwen. Op dit momint hawwe se de bêste ploech ea, sa seit Nathaniel Krassnoff fan it Carnegie Mellon Solar Racing. 'Wy gean yn Nederlân foar de oerwinning yn de kategory Challenge B.' Dochs sit it by de start fan de Solar Challenge net hielendal mei...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)