Fryslân Aktueel: Fytsalvestêdetocht fan 9 juny 2014 18:20

Fan 18:20 oere ôf is der op Omrop Fryslân Televyzje in spesjale útstjoering fan de finish yn Boalsert. Yn it programma is te sjen dat de fytsers oankomme en yn petear geane mei presintator Roelof Lousma. Want hoe hawwe de fytsers de tocht belibbe? En kinne sy noch wol op harren fuotten stean? Neist de ferslachjouwing binne der ek reportaazjes te sjen fan ferskate dielnimmers, ûnder oare oer in moai stel op de tandem. Ek te sjen, hoe is it sicht fan de lisfyts ôf?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)